De repetysjes binne wer yn folle gong! dit jier spylje wy it stik “Kafee Mei-inoar” under regy fan Marit Bamboe.
ynhâld fan it stik:
Hans en Jans wolle trouwe. Prima mar der is gjin jild, no ja in bytsje. Se betinke in plan mei harren freonen, Martsje en Aart. Se wolle it kafee berôve. Dat rint yn earste ynstânsje goed ôf.
Yn dat kafee, bart fansels fan alles. Fan ôfspraakjes en teloarstellingen oant in mem dy’t in dream hat en it net wiermakke hat. Mannen die sporten en harren eigen “mannen” problemen ha en froulju dy kaarte sûnder manlju mar die nochal hjitte hollen binnen mei-inoar of earder in hinnehok? Hoe is it om allinnich te wêzen? Om ien te ferliezen? Oer sussen die jaloersk binne? Dreamen die je ha… Yn kafee mei-inoar kin it allegear. De kastlein dy’t in kafee hat, mar wol dy dat eins wol? Sil hy syn dreamen noch wier meitsje? As folget hy syn heit, sa as it heart? Want hoe heart it eins? Yn dizze romantyske komeedzje mei in knypeag nei in jierren ’70 kafee witte je noait hoe it ôfrinne sil.
hâld ús webside, facebook en instagram yn de gaten foar de lêste updates en bestel alfêst jo kaarten!